dinsdag 12 juni 2007

Earste kear Oerol

Oan it sfearplaatsje sil it net lizze: fanôf freed bestiet myn dekôr út strân, see, ûndergeande sinne en it lûd fan seefûgels op 'e eftergrûn. Tûzenden minsken binne my foargien en wiene lyrysk: "Prachtich moai, as bist hielendal fan de gewoane wrâld". Dochs ha ik in bytsje de senuwen. Wat moat mei, wer sil ik ferslach fan dwaan en hoe fyn ik myn wei op dat eilân? Fansels ha ik al efkes 'Oerol voor beginners' trochploegd, mar dochs: sa'n earste kear bliuwt spannend. Dêrom...

Tiid foar tips! Es efkes sjen wat de deskundigen op ynternet sizze oer 'de earste kear'. Ah, Singlesite biedt útkomst. In pear tips dy't sy jouwe:

Ga in elk geval van huis met een positieve instelling en een goed humeur
Dat slagget seker. Wurkje foar de radio is al fantastysk leuk, mar om dat te dwaan op in eilân mei teater en muzyk en in fleuriche fakânsjesfear is hielendal moai.

Presenteer je zelf verzorgd, maar wel zoals je bent
No hoech ik net te presintearen, mar ik ha al leuke shirts sjoen fan Oerol. Gjin probleem!

Date kort maar krachtig
Foar my mocht de date mei Oerol oars de hiele moanne juny wol duorje. Se sille de nachten wol bedoele, dat we net oant moarns fjouwer oere noch by in kampfjoerke steane te dûnsjen.

Zweetvoeten, slechte adem en rouwrandjes onder de nagels zijn afknappers
Dat sis ik, net te lang neisitte. De skjinne sokken ha ik al ynpakt. Tsja, mei al dat sân fan it Griene Strân en dy dúnen dêr't je by op klimme moatte om by in moaie lokaasjefoarstelling te kommen sille smoarrige neilen grif wolris foarkomme. Gelokkich ha we dêr de hotelkeamer mei douche wer foar.

Ok, je bent zover, inmiddels lichtelijk zenuwachtig
Dat kinst wol sizze ja. Wie de boat no al fol? Ha we genôch accu's foar de stjoerders dêr't we ferslach mei dogge? Wêr kinne we ús mediatent fine?

Lekker een aperitiefje om de ergste spanning wat af te zwakken, geen probleem
No, wy begjinne de redaksjefergaderingen meastentiids mei kofje. Dat liket my better.

Dat je niet de hele tijd over jezelf moet gaan zitten praten wist je al lang
Yndie, it giet om de festivalgongers, teatermakkers en Oerol-wurkers. It tema 'Sterke ferhalen' lient him goed foar moaie reportaazjes en live ferslach. Wy wolle witte wat minsken dwaande hâldt, of't se it nei it sin ha en hokker foarstellings at yndruk op harren makke ha.

Praat in de eerste instantie over 'veilige' onderwerpen
Neat dêrfan! We wolle alles witte. Oerol Leafde, Sterke ferhalen en ôfskiedtriennen op de boat: jo sille alles hearre.

Ook al heb je het reuze naar je zin gehad, dring jezelf niet op door direct aan te sturen op een nieuwe afspraak
Dat wit ik noch net. At ik alle moaie Oerol-ferhalen sa hear sil ik it tige nei it sin ha en grif alwer langje nei takom jier. Ik ha d'r sin oan, myn earste kear Oerol!

Op Skylge...

Tiisdei te jûn, 19.50; op 'e boat nei Skylge...

Nei sa'n lytse twa oeren farren wie de brandaris wer yn byld.

Mei it lêtste bytsje sinne knoffele ik mei fyts en bagage (té folle tassen fansels) fan de boat.

Ik sil de komende tiid yn in apartemintsje yn Kinnum ferbliuwe. Al betwyfelje ik of't ik der in soad wêze sil.

Hjoed kinne we oan de slach mei de foarbereidings fan Oerol. Oer in pear dagen sil "hel" (tusken grutte oanhellingtekens) hjir losbrekke, dat der is genôch te dwaan. Oan it wurk dus!

Groetnis Eva
(ps: Spitich genôch ha ik hjir noch net in Frysk wurdeboek beetkrije kint , dus as myn Frysk net hielendal goed is, excuses).