dinsdag 19 juni 2007

Tefreden

De earste twa Oerolsjoernaals binne utstjoerd. Ik bin tefreden. It altiid spannend wat it wurdt. Je kinne yn je holle fan alles betinke mar it moat noch wol makke wurde en dan binne je fan safol faktoaren ofhinkelik.
Mar it giet goed. Neffens mij ha we leuke items makke en is yn elts gefal de sfear hjirre prima.
Ek foar de kommende dagen ha we in hoop leuke dingen yn de planning
Moarn komt der in nije kameraploech en sille Halbe Piter en janjelle de redaksje fersterke, Wer wat farsk bloed silk mar sizze

De earste kear...

Noch ien nachtsje sliepe en dan lit ek ik my hielendal ûnderdompelje yn de Oerolsfear. En ik sil jo earlik bekenne: ik ha echt gjin idee wat dy sfear no krekt is. Ik bin nammentlik noch nea op Oerol west. Fan kollega’s hear ik al in pear wiken oer it fenomeen Oerol. Men seit: of jo fine it geweldich, of jo fine it hielendal neat. By hokker kategory ik nei myn Oerol-aventoer hear sil ik jo grif witte litte; foarearst lit ik alles mar wat oer my hinne komme.

Fia de ferhalen fan de kollega’s dy’t al in tal dagen op Skylge sitte sjoch en hear ik fia radio, tillevyzje en dit blog wat der allegear te dwaan is. It liket my wol wat: mei in rekorder yn myn taske wat oer it eilân fytse, kuierje of drave, op syk nei moaie, nuveraardige ferhalen.

Fan tongersdei ôf sil ik Hayo ferfange yn ‘e radioploech. Hy hat ferslach dien fan de iepening en de earste dagen fan it festival en ik slút it ôf. Fiif dagen Skylge, fiif dagen sinne (dêr hoopje ik alteast op), seelucht, strân, musyk, teater en in fakânsjesfear. Ik soe hast ferjitte dat ik gewoan oan it wurk moat....

De sonindeseesynsakke op Skylge. Dat soe wat wêze mei dit prachtige waar. Mar ik sit hjir yn Ljouwert. Jimme kinne myn ûndertitelwurk besjen op http://www.uitzendinggemist.nl/ Zegt het voort oan alle Hollânsktaligen dy't gjin Frysk ferstean....O ja, ik haw it fansels oer it Oerolsjoernaal dat alle dagen op Omrop Fryslân Televyzje komt.

It sjoernaal

Dei twa fan it Oerolsjoernaal. Alles giet goed. De Nederlânske ferzje is te sjen op http://www.uitzendinggemist.nl/.

de technyk op westerkeyn





de radio en tv wein mei heechwurker foar antenne


nei twa oerol sjoernaals en live radio fanut it Mediacafe wei kin ik wol sizze dat it technysk moai foar mekoar ha. 3 montaazje plekken foar TV, 3 ynternet plakken foar de redaksje, yn it mediacafe us beamer mei derop trailers en programma's fan de Omrop, alles wurket.
Ik doch alle dagen foar Oerol en NRC de projeksje fan foto's bij de kofjegesprekken, der komt in soad publyk op of en it is hartstikke ynteressant. Al mei al in goeie gearwurking tusken Oerol, NRC en Omrop Fryslan.



rjochts de giele container is it redaksje kompleks.














it mediacafe bij jun tiid















Cargo op it stran
Justerjun de foarstelling sjoen fan Theatre du Centaure mei 2 hynders en in esel, in prachtsjo, mar wol hiel warm yn de tinte, dus dernei in lekker pilske op it terras fan Heartbreak Hotel, rinne de twa hynders en de acteurs efkes oer it stran. De foarstellingen giene buten gewoan troch, prachtich.
Jun sil ik nei de Lunatics, dernei noch efkes nei de Rustende Jager (Brigitte Kaandorp is der leau ik ek), dat ik ha it der mar drok mei. O ja, moarn te moarn Meindert Talma yn it Media cafe.




Ferset op Oerol

In suksesfol Oerol dit jier. De measte besikers oant no ta, seit de organisaasje. Dat kin ek allinne tanksy in slimstrakke organisaasje. Dy wurdt hjir en dêr wolris wat te strak. Kaartsjekontroleurs krije bytiden wat in militêre hâlding en trede by 'oertredings' ûnmeilydsum op. Kom op organisaasje, in passepartout mei gjin ausweis wurde fansels!
En wat te tinken fan de oankundiging by de kassa fan Westerkeyn: op het terrein mogen geen eigen meegebrachte consumpties worden genuttigd. Sels in fleske wetter is offisjeel net mear tastien.
Wat bliuwt dan noch oer fan dy freonlike Oerol-hippykultuer. Relax man, weet je. It is dochs tanksy dy hâlding dat it Oerol-publyk sûnder klachten en geseur oerenlang yn de rige stean kin foar syn tagongskaarten.
Net frjemd dus dat yn it Oerol-krantsje al it earste ferset tsjin dit soarte saken oankundige wurdt: 'stop de commercie! Steun onze actie en eet je eigen brood op de Westerkeyn op!! Fan herte!!!
Oerol is dit jier ek wer machtich, mei in prachtich programma, mar Oerol moat wol oeral Oerol bliuwe!

It strân by Easterein...

... leit fol mei grutte skulpen fan glês. Stimmen komme dy temjitte. Se fertelle oer de see, it miljeu en hoe't it giet mei de wrâld. It boadskip dy't se oerbringe wolle is dat je ek op in oare wize nei it lân sjen kinne. De skulpen binne ûnderdiel fan de keunstrûte oer it eilân en hiet 'Zomersprookjes' fan SLEM. Dat stiet foar Stichting Landschapstheater En Meer.

Net eltsenien komt foar de ferhalen fan de skulpen. Oaren fiskje foar de barbeque.

Justerjûn nei de absurdistyske foarstelling Carroussel west fan David Goddyn en Kim Scheerder, in prachtfoarstelling. As de sjoggers no mar net tinke dat it by my altyd oer hynders en stront gean moat. Jo nederige ferslachjouwer kiest de foarstellings ek net sels út, mar it oerkomt ús team allgear wol fansels. Neffens David giet Carroussel oer de essinzje fan it libben: eten en schijten, daar komt het op neer. Zelfs in de liefde....
Wat wol sa aardich wie, de foarstelling fynt plak op Camping Cupido by Hee. Dêr't ik as jonkje fan 12 oant 16 jier mei ús âlders alle simmers op it kampearterrein stie. Dus eefkes by boer Cupido en syn frou thús lâns en wier, se wiene my noch net ferjitten. Oan 'e keukentafel eefkes bypraat fan in fier ferliene. Wat ha we dêr in pracht fakânsjes hân. En boer Cupido rydt dizze simmer al 40 jier lang de kampinggasten fan Cupido nei de boat hinne en wer. Proficiat!!!
Frou Cupido sil jûn nei de foarstelling yn har skuorre. Skelkje dus mar foar frou Cupido en graach oant in oare kear.....