donderdag 21 juni 2007

De Jonges


Alwer it fjirde Oerolsjoernaal ûndertitele. It giet hurd. Dy foarstelling fan De Jongens liket my hiel aardich. Kolderyk yn de goede sin fan it wurd. Grappich dat se oan 'e ein fan it ynterview 'oant sjen' seine. Pyt Paulusma-effekt, kin net oars. It shot hjirnjonken docht my tinken oan in Discoveryprogram fan in pear jier ferlyn. De wurking fan masines, útlein foar dummys. Besjoch it program freed op www.uitzendinggemist of op www.oerol.nl ûnder filmpjes....



alwer tongersdei

It is al wer tongersdei. ik reitsje de tiid hjir wat kwyt. Dat komt ek in bytsje omdat ik hyltiid dwaande bin te betinken wat we dwaan sille, wanneer we dat utsjoere sille en wanneer it dan opnommen wurde moat ensa. En dan giet sa'n wike dus hurdt. De "nije" ploech is alwer follop oan it wurk. We hiene even in probleem omdat der in ferslachjouwer siik wie en dus net komme koe. Mar dat ha we oplost trochdat Ronnie in dei langer bleaun is (jo Ronnie)en Halbe Piter in dei earder kommen is, se binne sa fleksibel dy mannen. De planning foar de kommende dagen is roen. Jun sil der in ploech nei circus Ronaldo. In Belgysk selskip mei in leuke foarstelling erg fisueel. Dat wurdt wol in leuk item dus. Moarn noch even en dan sit it der foar my wer op. Albert moat him de leste dei sels mar rede mei de pr teksten. Jun noch even nei it stran en Vis a vis

Werom nei hûs

It sit der op. Ik ha it stokje oerjoen oan myn kollega Femke de Walle. Sy sil jim de kommende dagen byprate oer it Oerol nijs.

Dan de fraach fansels hoe't it wie. It wie geweldich. It waar wie goed, de sfear op it festival en mei de kollega's super. Boppedat ha ik in soad foarstellings sjen kinnen.

Myn tips foar de minsken dy't it wykein nei Skylge gean:
1: David Goddyn en Kim Scheerder mei Carrousel. (Leuke minsken en goed rau teater)
2. Toneelgroep Oostpool mei Bok en Geit. (Goede teksten, sterke dialogen)
3: Nieuw West, Mariposa. (Binne studinten fan de Mime opleiding. Is in leuk stik)
4. Súver Núver, Niet voor vrouwen en Ja tegen het jungleavontuur (Stik om by nei te tinken)

Dy't je wol misse kinne:
1. Circus Baobab, De aap van Saudieu. (tsja, moast der fan hâlde. Knap dien, dat wol)
2. Spinvis, op z'n eentje. (Ja minsken fine dit leuk. Net echt bisûnder. Ek de teksten falle ôf)
3. Alba Theaterhuis, Mahagonny. (Twifel oer dizze. Erotyske foarstelling, byldzjend mar teksten binne slap. Dêrom op trije)

Einliks sliepe...

Twadde dei op Oerol

Fan ' e moarn frege in kollega: bist do juster kommen? Ik moast gewoan even neitinke...... juster? Wie it noch mar juster dat ik hjir kommen bin? It fielt krekt as bin ik hjir al wer in hiel skoft! Justermoarn mei de Koegelwieck fan 8.30 rjochting Skylge gien, der't Engelien my fan de boat helle. Op nei Westerkeyn nei de rest fan de kollega's. De earste dei brukt foar de oerdracht fan de produksje-kant fan it Oerolsjoernaal. Middeis nei de foarstelling fan Gnaffel west om te besjen oft it leuk is om der opnamen fan te meitsjen. Ik fun it hiel leuk en hjoed binne we der dan ek hinne om in reportaazje te draaien. Nei de foarstelling op it fytske werom nei Westerkeyn om te iten en dernei fluch nei it hotel om de twadde helte fan Jong Nederlan - Jong Ingelang te sjen, jemich wat in spannende wedstriid. Juns soe ik mei Albert nei de foarstelling Zeeuwse Nachten, we soene om 20.00 oere fuort, dus krekt foar de finale untknoping fan de penalty-sjitterij moasten wy fuort. Fia de SMS hearde ik fan Linze dat Foppe-en-dy it dochs noch wun hiene.......... YES!!!! De foarsteling fan Zeeuwse Nachten oer Jan van Spijk wie fantastysk! Ien dei op Oerol en al twa foarstellings sjoen, wat haw ik dochs in freeslike baan............
Hjoed earst mei de hiele Omrop-ploech praten oer de dei fan hjoed, wat dogge we en wa docht wat. Hokker foarstellings wolle we hinne om opnamen te meitsjen, derfoar moatte kaarten oanfrege wurde by it Oerolkantoar. Nei it iten earst nei de SPAR om boadskippen, want der moat tuskden de middei fansels wol wat iten wurde. Dernei mei Albert, Piter, Abe en Linze nei West om de presintaasjeteksten foar it Oerolsjoernaal op te nimmen, dat foel net ta yn de drokte fan West, mar op de steiger gie it better. Op de weromreis gau by it Oerolkantoar oan om de bestelde kaarten foar hjoed op te heljen.
Werom op Westerkeyn tiid om in broadsje te iten en de ynformaasje op ynternet te setten. Tekst meitsje, foto's derby sykje. En no dus even blogge. Oant in oare kear.

Presintaasjeteksten opnimme

By it Griene Stran stie de leste tekst der yn ien kear op.

Op de steiger tusken de skippen gie it in stik better............

Oan de foet fan de Brandaris wie it ek - foar us - te drok


We koene Albert hast net weromfine tusken al dy Oerolgongers........

Presintearje: It liket op ' e tillevyzje altiten sa maklik, mar doch it mar ris! Hjoed hiene we betocht dat it wol leuk weze soe om de presintaasjeteksten fan it Oerolsjoernaal yn West op te nimmen. Yn de drokke winkelstrjitte, gesellich mei de minsken en diskes fan de bradery op de achtergrun............ Gesellich wie it yn West, de bradery die goede saken...... mar as lokaasje om de presintaasjeteksten op te nimmen wie it minder geskikt. Te drok, dus mei it hiele spul nei in oare lokaasje, op de steiger yn de haven. Ek goed foar in prachtich plaatsje en folle restiger. De leste tekst by it Griene Stran en klear wie it. Albert hat de tekst wit hoe faak oer dwaan moatten, mar uteinlik wie elk: einredakteur, kameraman en ludsman tefreden en koene we nei de broadsjes op Westerkeyn.

Fêste grûn

Wat kinne minsken dochs frjemd reageare. Sa as dy frou by de foarstelling Solveig. As aktrise Dahlia Pessemiers yn har rol har fertrietlike iensumens toant, moat dizze frou smaaklik laitsje. As gie it hjirre om in kostlike grap. It sil wol ûnmacht wêze, mar steurend is it wol...
Ik bin foar twa dagen eefeks werom op de fêste wal om linea recta troch te reizigjen nei Amsterdam foar in konsert fan Lou Reed in de Heineken Music Hall. In integrale útfiering fan syn konsept-elpee Berlin út 1973 sil it wurde. Mei koar en orkest. 65 jier alwer, mar wat in brok dinamyk. En mei it muzikale geweld yn de tajeften Sweet Jane en fansels Walk on the wild side is de jûn hielendal slagge!! Dus fansels in T-shirtsje kocht foar........35 euro. It kaartsje fan 65 euro dêrby en in pilske yn plastic foar 3 euro makket it jûntsje út net echt goedkeap. It jout yn alle gefallen de Oerol-fan yn my wer fêste grûn ûnder de fuotten. Dan falle de prizen foar de Oerol-foarstellings en merchandising ommers ta en it bier sit lokkich wol yn glêzen.
Mei Lou's Sad Song djip yn it hert dus de koffers wer pakke en moarn gau rjochting Skylge...

In ien nei leste boadskip fan Oerol

Der binne in soad untefreden minsken op Oerol dit jier. Oerolgongers fine dat de organisaasje te kommersjeel wurdt en dat der kwalik noch mar wat mei. Sa binne de kaarten fan de populere foarstellings hast allegear al ferkocht. Dan binne der de eilanners. Dy ha it ek in bytsje han mei de organisaasje ( Sjoch hjir en hjir). Want as kompensaasje foar alle drokte en ynset kinne de Skylgers in pear dagen yn it foar kaarten keapje. In meiwurker fan Oerol hat lykwols in flater makke en no kinne de eilanners kwalik nei de grutte foarstellings. De eilanners ha wol in punt. Guon sette har bot yn foar it festival en dy moast as organisaasje te freon halde. Minder begryp ha ik foar har klacht oer de mentaliteit fan de minsken. Dy feroaret gewoan, minsken wurde hurder en easkje mear. It is spitich mar it is net oars.

De Oerolgongers moatte har neffens my mar wat ynskikke. At se gjin kaarten krije kinne moatte se mar earder yn de rige stean gean. It is hjir dan kommersjeler wurden? Ja fansels. Dat kin ek net oars at sa'n festival hieltyd grutter wurdt. It hat gefolchen foar de folsleine organisaasje. Hjir op de Westerkeyn meist gjin sels meibrochte bole ite. Kommersjeel? De optredens moatte betelle wurde. It grutste part fan de kosten wurdt opbrocht troch de horeka. Dus sunder opbringst gjin Oerol. Minsken moatte har net sa drok meitsje. Se moatte gewoan genietsje.