donderdag 21 juni 2007

Fêste grûn

Wat kinne minsken dochs frjemd reageare. Sa as dy frou by de foarstelling Solveig. As aktrise Dahlia Pessemiers yn har rol har fertrietlike iensumens toant, moat dizze frou smaaklik laitsje. As gie it hjirre om in kostlike grap. It sil wol ûnmacht wêze, mar steurend is it wol...
Ik bin foar twa dagen eefeks werom op de fêste wal om linea recta troch te reizigjen nei Amsterdam foar in konsert fan Lou Reed in de Heineken Music Hall. In integrale útfiering fan syn konsept-elpee Berlin út 1973 sil it wurde. Mei koar en orkest. 65 jier alwer, mar wat in brok dinamyk. En mei it muzikale geweld yn de tajeften Sweet Jane en fansels Walk on the wild side is de jûn hielendal slagge!! Dus fansels in T-shirtsje kocht foar........35 euro. It kaartsje fan 65 euro dêrby en in pilske yn plastic foar 3 euro makket it jûntsje út net echt goedkeap. It jout yn alle gefallen de Oerol-fan yn my wer fêste grûn ûnder de fuotten. Dan falle de prizen foar de Oerol-foarstellings en merchandising ommers ta en it bier sit lokkich wol yn glêzen.
Mei Lou's Sad Song djip yn it hert dus de koffers wer pakke en moarn gau rjochting Skylge...

Geen opmerkingen: