donderdag 21 juni 2007

Twadde dei op Oerol

Fan ' e moarn frege in kollega: bist do juster kommen? Ik moast gewoan even neitinke...... juster? Wie it noch mar juster dat ik hjir kommen bin? It fielt krekt as bin ik hjir al wer in hiel skoft! Justermoarn mei de Koegelwieck fan 8.30 rjochting Skylge gien, der't Engelien my fan de boat helle. Op nei Westerkeyn nei de rest fan de kollega's. De earste dei brukt foar de oerdracht fan de produksje-kant fan it Oerolsjoernaal. Middeis nei de foarstelling fan Gnaffel west om te besjen oft it leuk is om der opnamen fan te meitsjen. Ik fun it hiel leuk en hjoed binne we der dan ek hinne om in reportaazje te draaien. Nei de foarstelling op it fytske werom nei Westerkeyn om te iten en dernei fluch nei it hotel om de twadde helte fan Jong Nederlan - Jong Ingelang te sjen, jemich wat in spannende wedstriid. Juns soe ik mei Albert nei de foarstelling Zeeuwse Nachten, we soene om 20.00 oere fuort, dus krekt foar de finale untknoping fan de penalty-sjitterij moasten wy fuort. Fia de SMS hearde ik fan Linze dat Foppe-en-dy it dochs noch wun hiene.......... YES!!!! De foarsteling fan Zeeuwse Nachten oer Jan van Spijk wie fantastysk! Ien dei op Oerol en al twa foarstellings sjoen, wat haw ik dochs in freeslike baan............
Hjoed earst mei de hiele Omrop-ploech praten oer de dei fan hjoed, wat dogge we en wa docht wat. Hokker foarstellings wolle we hinne om opnamen te meitsjen, derfoar moatte kaarten oanfrege wurde by it Oerolkantoar. Nei it iten earst nei de SPAR om boadskippen, want der moat tuskden de middei fansels wol wat iten wurde. Dernei mei Albert, Piter, Abe en Linze nei West om de presintaasjeteksten foar it Oerolsjoernaal op te nimmen, dat foel net ta yn de drokte fan West, mar op de steiger gie it better. Op de weromreis gau by it Oerolkantoar oan om de bestelde kaarten foar hjoed op te heljen.
Werom op Westerkeyn tiid om in broadsje te iten en de ynformaasje op ynternet te setten. Tekst meitsje, foto's derby sykje. En no dus even blogge. Oant in oare kear.

2 opmerkingen:

Anoniem zei

dus hast it wol nei't sin!
"de thúsblieuwers"

Anoniem zei

Hey Maaike,

Ik hear it wol, dit is dy op't liif skreaun, regelje en organisearje en cultuur opsnuve... ;) Nog mar folle wille en goede productiedagen tawinske,
groetnis fan Anneke, enne.. oerol set ik op myn ferlanglistje!