maandag 18 juni 2007
fan de sydline
Healwei tsienen: de ûndertitels fan it earste Oerolsjoernaal stean derop. Klear foar montaazje fan moarnier. Jammer dat ik sels net op it eilân sit. Dus moat ik Oerol op ôfstân beoardielje. It liket my drok, wol moai, mar betiden ek reinich. En ik bin benijd nei de byldzjende keunst. Moaie objekten op it strân, lykas juster te sjen wie op Omrop Fryslân Televyzje yn de dokumintêre oer Oerol 2006.
Gepost door Geertrui op 21:49 0 reacties
De natoerdetektive...
Op Skylge strúnt dizze dagen in echte natoerdetektive om. Gjin bonke hat foar him in geheim. Fisken, fûgels of in krab; it makket Jacco Steensma neat út. Hy ûndersiket alles.
Op de tafel lizze Eidereinen en Jan van Genten. Foar de yngong hinget in rottende Brúnfisk. In frou hie tsjin Jacco sein dat der in haai op it strân lei. It wie 'mar' in brúnfisk. Ek aardich fansels.
Gepost door Hayo op 17:26 1 reacties
De oare kant fan Skylge
... dat is fansels de natoer. At je bykomme wolle fan alle keunst en kultuer. Dan kin je sjen nei de fûgels, of nei skiep dy't nei har droechfallen skip rinne.
Of hjir, de Kleine Parelmoervlinder. Sjochst kwalik op it eilân. Dit is dus in bisûnder moment.
Efter op it eilân, oan it begjin fan de Boschplaat, steane de fjilden fol mei dizze blommen. De gevlekte orchidee.
Gepost door Hayo op 15:03 0 reacties
Uteinset mei Cargo, de moaiste Oerol-foarstelling fan dit jier. Wat wol in minske noch mear. Boppedat yn 't selskip fan Rients Terpstra en Kees Cupido, twa echter Skylgers dy' t alles fan it Fryske hynder ôfwitte, en dat hie justerjûn de haadrol! Terpstra wol takomme jier sels mei in hynste-act op Oerol komme en jout Omrop Fryslân jûn de primeur.
Oerol sûnder Douwe Heeringa dit jier skynt ek eefkes wennen te wêzen foar de omroppers, want de catering tusken de middei kaam in oere letter op tafel as oars. Hawar, oan geastlike fieding gjin gebrek dit Oerol. Smullen dus!
Gepost door Henk te Biesebeek op 12:55 0 reacties