vrijdag 15 juni 2007

Redaksje op lokaasje

Hoe't wy wurkje op lokaasje? No sa...

Oerol: De iepening!

Hé hé... Hjir ha we lang op wachtsje moatten. Oerol is iepene. Tiid om foarstellings te sjen en moaie radio te meitsjen.

Dat lytsje mantsje op dy grutte stoel is Ronald Plasterk, ús minister fan kultuer en ûnderwiis. Wol wat in aparte man. Hy seit wat hy tinkt. De fraach is lykwols of dat geunstich is foar Oerol. Foarsitter Kees van Twist fan it festival wol nammentlik mear ryksjild ha. 'Nergens voor nodig' seit Plasterk. 'Rembrandt kreeg ook geen subsidie en hij is toch één van de grootste Nederlanders allertijden.'

Jos Thie. Hy is dit jier de tydlike artistyk leider omt Joop Mulder in jier frij naam hat. Wy kinne him fansels noch fan Tryater.

Oerol: Op 'e boat!

It wie drok op 'e boat. Der wie gjin sitplak mear te finen. En dat bliuwt de kommende dagen ek sa. Neffens in meiwurker fan Doeksen binne sneon en snein alle fearboaten fol. Gjin plak mear te krijen. Útferkocht!

It earste stikje Oerol begjint al op de boat. Fansels de sfear mar ek keunst. Yn de fertrekhal hinget in houten objekt dat liket op in UFO. It is makke troch keunstner Arjen Boerstra. Op de strekdam stiet in hynder. Dit keunstwurk mei de namme 'Broodpaard' is makke troch Joris Collier.