woensdag 20 juni 2007

Undertitels

Sa, de ûndertitels fan diel 3 stean der ek op. It binne der hjoed wol in soad: in lyts hûndert. Bykommende fertragingsfaktor is ek dat ik in soad begoogelje moat. Tink dan oan skriuwwizen fan foarstellings en personaazjes en sa. Oer personaazjes praat: Wat spatte dy Belgyske Dahlia Pessemiers fan it skerm ôf. Se spile Solveig yn it stik fan Jellie Schippers. Har freon Peer Gynt is al tweintich jier fuort. Se stelt har foar dat er samar ynienen thúskomt en sy is net yn de keamer. Se sit op it húske of sa. Peer Gynt wurdt lilk, want se soe ommers op him wachtsje. Wat docht er dan? "stampen tegen daar en daar en daar. En roepen en schreeuwen 'Solveig, SOLVEIG!"
Ha jim Dahlia mist, sjoch dan op www.omropfryslan.nl of op www.uitzendinggemist.nl .

noch wat foto's

Noch wat foto's, Martijn yn de nije radiowein, Albert en Hayo yn de redaksjekeet en de lunch buten bij de keet.

wat foto's fan Westerkeyn

Thomas en Sybrand yn de heechwurker foar topshots, de radio utstjoering fanut it mediacafe wei en Wibo en Piter dwaande mei de einmotaazje fan it Oerolsjoernaal






Oer de perikelen fan in radio regisseur

We hawwe der twa hân, en noch trije foar de boech: de hiele middei Oerol radio. It giet dat it slytjaget, al hawwe je dat as regisseur net altyd yn de gaten. Want it bliuwt hektysk om de hiele middei roppende ferslachjouwers, technici en presentators op de koptillefoan te hearren. Gelokkich kin ik dy oant no ta noch alle dagen om seis oere mei in foldien gefoel oan de 'wylgen' hingje.

Der is hjir safolle te dwaan, der is safolle moaie radio te meitsjen, dat we de hiele middei wol ferslach dwaan kinne fan al dat moais. Mar je moatte fansels ek noch muzyk draaie! En ja, dan moatte je as regisseur wolris 'bandsjes' lizze litte. Ik hoopje dat it slagget om dochs mar safolle mooglik út te stjoeren dizze wike. Oan de ferslachjouwers sil it net lizze, en ik sil myn bêst der foar dwaan!

En dan hawwe we ek noch alle dagen in band by ús yn it mediakafee. Juster en earjuster bestiene de bands foar in grut part út Afrikanen. De kommunikaasje is dan wolris wat dreech. De gitarist fan juster, de allerbêste gitarist fan de Kaapverdyske eilannen, wie sa wurch fan al dy optredens en fan it foar him frjemde iten, dat er it net mear opbringe koe om foar ús te spyljen. Hiel jammer, mar foar it publyk yn it mediakafee koe dat it net bedjerre, want der wiene ek dûnsers by en it moat in prachtich gesicht west ha. Foar ús yn de radiowein wie der minder te genietsjen...