Omrop Fryslan is mei Oerol ek te finen op it eilân, we stjoere "Oerol Sjoernaals" út fia de televyzje en we dogge ferslach op 'e radio en de website.
Derneist sille wy dit jier ek "blogge". Alle dagen sille ferskeidene minsken in reaksje jaan fan Oerol ôf.
Ferslachjouwers, kameraminsken, lûdsminsken, minsken fan de redaksje, alles is te ferwachtsjen.
Meitsje Oerol fan tichtby mei en bliuw hjir op 'e hichte fan alle dingen dy't der op Oerol barre, lês de berjochten fan ferskeidene "Omroppers"!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten