dinsdag 19 juni 2007

Ferset op Oerol

In suksesfol Oerol dit jier. De measte besikers oant no ta, seit de organisaasje. Dat kin ek allinne tanksy in slimstrakke organisaasje. Dy wurdt hjir en dêr wolris wat te strak. Kaartsjekontroleurs krije bytiden wat in militêre hâlding en trede by 'oertredings' ûnmeilydsum op. Kom op organisaasje, in passepartout mei gjin ausweis wurde fansels!
En wat te tinken fan de oankundiging by de kassa fan Westerkeyn: op het terrein mogen geen eigen meegebrachte consumpties worden genuttigd. Sels in fleske wetter is offisjeel net mear tastien.
Wat bliuwt dan noch oer fan dy freonlike Oerol-hippykultuer. Relax man, weet je. It is dochs tanksy dy hâlding dat it Oerol-publyk sûnder klachten en geseur oerenlang yn de rige stean kin foar syn tagongskaarten.
Net frjemd dus dat yn it Oerol-krantsje al it earste ferset tsjin dit soarte saken oankundige wurdt: 'stop de commercie! Steun onze actie en eet je eigen brood op de Westerkeyn op!! Fan herte!!!
Oerol is dit jier ek wer machtich, mei in prachtich programma, mar Oerol moat wol oeral Oerol bliuwe!

1 opmerking:

Anoniem zei

Méér Oerol perikelen hier :
http://terschellingers.web-log.nl/terschellingers
/2007/06/terschellingers.html