dinsdag 19 juni 2007

De earste kear...

Noch ien nachtsje sliepe en dan lit ek ik my hielendal ûnderdompelje yn de Oerolsfear. En ik sil jo earlik bekenne: ik ha echt gjin idee wat dy sfear no krekt is. Ik bin nammentlik noch nea op Oerol west. Fan kollega’s hear ik al in pear wiken oer it fenomeen Oerol. Men seit: of jo fine it geweldich, of jo fine it hielendal neat. By hokker kategory ik nei myn Oerol-aventoer hear sil ik jo grif witte litte; foarearst lit ik alles mar wat oer my hinne komme.

Fia de ferhalen fan de kollega’s dy’t al in tal dagen op Skylge sitte sjoch en hear ik fia radio, tillevyzje en dit blog wat der allegear te dwaan is. It liket my wol wat: mei in rekorder yn myn taske wat oer it eilân fytse, kuierje of drave, op syk nei moaie, nuveraardige ferhalen.

Fan tongersdei ôf sil ik Hayo ferfange yn ‘e radioploech. Hy hat ferslach dien fan de iepening en de earste dagen fan it festival en ik slút it ôf. Fiif dagen Skylge, fiif dagen sinne (dêr hoopje ik alteast op), seelucht, strân, musyk, teater en in fakânsjesfear. Ik soe hast ferjitte dat ik gewoan oan it wurk moat....

Geen opmerkingen: