maandag 11 juni 2007

Efkes Weromsjen

De nije TV wein (derefter de âlde radiowein)

Yn 2003 wie Oerol de earste klus mei de nije TV wein, de soldearbout wie mei om de lêste kabels te meitsjen. It wie ek de earste kear fan alle dagen in Oerolsjoernaal montearre op it eilân en dan oerstrale nei Ljouwert. Tige spannend of alles sa rinne soe lykas we fantefoaren betocht hiene. Op de foto's kinne jimme sjen dat it ridlik ûntspannen om en ta gie, dat sadwaande binne we no alle kearen Live fan Westerkeyn ôf. Dit jier mei wer ekstra mooglikheden, we sille fan moandei o/m tongersdei it radio programma mei deryn in musykoptreden Live yn byld sjen litte fia Omrop Fryslân (likernoch 16.00 oant 17.00 oere)


Kameraman Harry Dijkstra en ik foar ús redaksjekantoar

Ek sille mear mei Ynternet dwaan, lykas ekstra fideobylden fan foarstellingen (dy't net yn de sjoernaals passe) sjen litte. Ek sille we op Westerkeyn yn it Mediacafé de Omrop Fryslân sjoernaals sjen litte op in grut byldskerm (en miskien ek noch materiaal fan oare Oerols).

Dit kear sil ek de nije radiowein mei de nije "outfit" fan Omrop Fryslân der wêze, wolle jimme ris wat moais sjen, lit it mij witte, dan kinne we efkes binnensjen.



Kameraman Erik Krüger



Of alles slachje sil bliuwt in fraach en dat is ek de sjarme fan Oerol, op lokaasje moat der noch fan alles útfûn wurde, mar de Sterke Ferhalen binne der al.


Oant sjen op Westerkeyn,


Frans




Geen opmerkingen: