donderdag 14 juni 2007

kultuer yn alle hoeken en gatten

6 dagen as einredacteur nei Oerol. Lange dagen, let op bêd, drege beslúten, eigensinnige artiesten en redakteuren. In drege klus mar goed, der sil toch ien it dwaan moatte. Ik offerje my graach op....
Want eins is der gjin moaiere klus as it Oerolsjoernaal. In wike lang op in moai eilân mei boeiende minsken. Kultuer yn alle hoeken en gatten. De lêste wiken in protte kontakt hân mei Willemijn Steentjes en Jos Thie. Der is wer fan alles te belibjen en te sjen.
It earste wykein sille we mei Skylger hynstemannen, Rients Terpstra en Kees Cupido nei Théâtre du Centaure. En mei de Heit en Mem fan Willem Wassenaar nei Almost a Bird Theatre.

Mar we binne ek op syk nei leuke persoanlik Oerol ferhalen. It leafst sterke ferhalen.
Dus at jim op Oerol binne en jim ha in leuk ferhaal lit it ús witte.

2 opmerkingen:

Anoniem zei

Hé Piter!
Wat is dit in leuke site, kaam hjir fia Hayo op telâne. Ik kin him trochdat we beide opgroeid binne yn Wytmarsum. En ik bin froeger ek in bytsje fereale op 'm west, mar ssssst net fierder fertelle hear.
Ik ha echt mei dy te dwaan: "der moat dochs ien 'm opofferje..."
En earme Sjoukje mei thús bliuwe?
Yn elts gefal in fijne Oerol! Tot horens! En de groeten oan Hayo.
Hetty (dat leave famke fan de simmerkampen)

Piter Zwart zei

Ha Hetty it is wat in lette reaksje mar leuk wat fan dy te lezen. Ja Sjoukje sit thus mar dat giet best hear. En salang ik mar twa nije Oerol T-shirts foar de beide dochters mei nim fine dy it ek wol best.
Ik sil Hayo de groeten dwaan