Drok dwaande mei redaksjonele en produksjonele tariedings. Alle akkreditaasjes binne regele en we binne no oan it besjen wat we de earste dragen draaien sille. Freedtemoarns om 5 oere !!! giet de earste ploech al nei it eilân
Omrop Fryslan is mei Oerol ek te finen op it eilân, we stjoere "Oerol Sjoernaals" út fia de televyzje en we dogge ferslach op 'e radio en de website.
Derneist sille wy dit jier ek "blogge". Alle dagen sille ferskeidene minsken in reaksje jaan fan Oerol ôf.
Ferslachjouwers, kameraminsken, lûdsminsken, minsken fan de redaksje, alles is te ferwachtsjen.
Meitsje Oerol fan tichtby mei en bliuw hjir op 'e hichte fan alle dingen dy't der op Oerol barre, lês de berjochten fan ferskeidene "Omroppers"!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten