zondag 24 juni 2007

Rein

It is hast healwei tsienen. Alle kollega's lizze noch op ien ear as ik hjir yn it hotel - De Walvisvaarder - myn ontbijtsje yt. De oare gasten fan it hotel komme ien foar ien it restaurant binnen foar harren ontbijtsje. It wurd drokker, by it iten stiet in rij. Doe't ik hjir in healoerke lyn binnenkaam wie it noch stil en sieten der mar in man as tsien.

Hjoed is de leste dei, de alderleste wurkdei. En as ik nei buten sjoch sakket de moed my yn de skuonnen. It hoost hjir - it komt hjir echt mei bakken út 'e loft fallen. Ik ha gjin auto, gjin reinpak en gjin paraplu. Myn broek, sa'n grien gefal mei in stof sa tin dat jo der hast trochhinne sjen kinne, is dweiltrochwiet. Ach, ik kin der ek wol wer om genize. Wat ma'k oars no?

Foar hjoed stiet net in soad op it programma. Ik wol eins foar it nijs noch in pear ynterviews dwaan foar ús simmerrige oer fakansjekapitaal. We wolle minsken freegje wer't sy harren jild ynstikke foar de fakansje. En dat kin fan alles weze; in boat, in sleurhut of in tinte, mar ek in rechsek (foar de trekkers under ús), in fyts of oars wat. Derneist is jun fansels de ofsluting fan Oerol. Derfan moat fansels ek in reportaazje komme foar it nijs fan moarnier. Genoch te dwaan dus.

Yntusken binne Maaike en Abe by my oan tafel skood en ek Linze is der by kommen. It reint noch hieltyd mar buten wurdt it al wat ljochter. Ik sjoch sa no en dan sels de sinne trochkommen. Wurdt it miskien dochs noch in moaie dei...

Geen opmerkingen: