zaterdag 23 juni 2007

Leste dei alwer..............

En dan is it al wer sneon en prate we oer ynpakken en opreden! Ast hjir bist rekkest samar dyn tiidsbesef kwyt, hast it gefoel datst hjir al dagen en dagen omslachst en soest noch wol hiel graach bliuwe wolle, mar ja ek Oerol haldt wer in kear op. Tongersdei (ja it wie leau'k tongersdei) mei de kameraploech nei de foarstelling fan Sirkus Ronaldo west. In fantastyske foarstelling yn de sirkustinte op Aike's Plak yn Hoorn. De bruorren Ronaldo sette in sirkussjo del om "JO" tsjin te sizzen. Wat in gong en aksje! It publyk wurdt der ek aktyf by belutsen en dat makket it noch leuker. Dizze foarstelling sit jun yn it Oerolsjoernaal, dus wol even sjen allegear!
Jun sil ik as utsetter noch nei de foarstelling Centauer op Easterein, ik ha der allinnich mar opteine ferhalen oer heard, dus dat wurdt grif in moai beslut fan Oerol 2007. Mar foardat it sa fier is, moat der hiel wat opreden en ynpakt wurde, dus de hannen ut de mouwen!

1 opmerking:

Anoniem zei

Hast neat te folle sein. Sirkus Ronaldo wie om dy de buossen út te skuorren. Siet lûdop te laitsjen achter myn ûndertitelmasine. De Brandarisbylden op muzyk wie ek prachtich. In top-lêste ôflevering fan it Oerolsjoernaal