Omrop Fryslan is mei Oerol ek te finen op it eilân, we stjoere "Oerol Sjoernaals" út fia de televyzje en we dogge ferslach op 'e radio en de website.
Derneist sille wy dit jier ek "blogge". Alle dagen sille ferskeidene minsken in reaksje jaan fan Oerol ôf.
Ferslachjouwers, kameraminsken, lûdsminsken, minsken fan de redaksje, alles is te ferwachtsjen.
Meitsje Oerol fan tichtby mei en bliuw hjir op 'e hichte fan alle dingen dy't der op Oerol barre, lês de berjochten fan ferskeidene "Omroppers"!
2 opmerkingen:
Zozo moai hjer! Bist do al op Skylge dan, of is it in âlde foto?
No ik sjoch dy aanst wol omskarreljen! Groetsjes Eva (fanôf Skylge!)
In alde foto. Fan ferline jier. Oant op it eilân
Een reactie posten