maandag 18 juni 2007

De oare kant fan Skylge

... dat is fansels de natoer. At je bykomme wolle fan alle keunst en kultuer. Dan kin je sjen nei de fûgels, of nei skiep dy't nei har droechfallen skip rinne.

Of hjir, de Kleine Parelmoervlinder. Sjochst kwalik op it eilân. Dit is dus in bisûnder moment.

Efter op it eilân, oan it begjin fan de Boschplaat, steane de fjilden fol mei dizze blommen. De gevlekte orchidee.

Uteinset mei Cargo, de moaiste Oerol-foarstelling fan dit jier. Wat wol in minske noch mear. Boppedat yn 't selskip fan Rients Terpstra en Kees Cupido, twa echter Skylgers dy' t alles fan it Fryske hynder ôfwitte, en dat hie justerjûn de haadrol! Terpstra wol takomme jier sels mei in hynste-act op Oerol komme en jout Omrop Fryslân jûn de primeur.
Oerol sûnder Douwe Heeringa dit jier skynt ek eefkes wennen te wêzen foar de omroppers, want de catering tusken de middei kaam in oere letter op tafel as oars. Hawar, oan geastlike fieding gjin gebrek dit Oerol. Smullen dus!

Se neamme harren sels de muppets :)

zondag 17 juni 2007


Thomas en Sybrand oan it wurk op it 'Groene Strand'.



In poncho kin ek hiel goed tsjinst dwaan as reinhoes foar de kamera!

vrijdag 15 juni 2007

Redaksje op lokaasje

Hoe't wy wurkje op lokaasje? No sa...

Oerol: De iepening!

Hé hé... Hjir ha we lang op wachtsje moatten. Oerol is iepene. Tiid om foarstellings te sjen en moaie radio te meitsjen.

Dat lytsje mantsje op dy grutte stoel is Ronald Plasterk, ús minister fan kultuer en ûnderwiis. Wol wat in aparte man. Hy seit wat hy tinkt. De fraach is lykwols of dat geunstich is foar Oerol. Foarsitter Kees van Twist fan it festival wol nammentlik mear ryksjild ha. 'Nergens voor nodig' seit Plasterk. 'Rembrandt kreeg ook geen subsidie en hij is toch één van de grootste Nederlanders allertijden.'

Jos Thie. Hy is dit jier de tydlike artistyk leider omt Joop Mulder in jier frij naam hat. Wy kinne him fansels noch fan Tryater.

Oerol: Op 'e boat!

It wie drok op 'e boat. Der wie gjin sitplak mear te finen. En dat bliuwt de kommende dagen ek sa. Neffens in meiwurker fan Doeksen binne sneon en snein alle fearboaten fol. Gjin plak mear te krijen. Útferkocht!

It earste stikje Oerol begjint al op de boat. Fansels de sfear mar ek keunst. Yn de fertrekhal hinget in houten objekt dat liket op in UFO. It is makke troch keunstner Arjen Boerstra. Op de strekdam stiet in hynder. Dit keunstwurk mei de namme 'Broodpaard' is makke troch Joris Collier.

donderdag 14 juni 2007

The day before...

Moarn is it safier, Oerol los!

Ik ha der no trije dagen op sitten en ik moat bekenne it is in slopend wereldsje, mar wol hiel leuk!(en der krije wy natuurlik ek wer enerzjy fan!).


Maarrrr.... No moat it noch gebeure! De lêtste foarberiedings wurde dien en eltsenien makket harren klear...

Moarn sil ek it earste deikrantsje fan Oerol útkomme en oansjoen ik op it momint by de deikranteredaksje fan Oerol sit, kinne jim jim wol foarstelle hoe't it hjir giet. Al moat ik sizze dat eltsenien sjoen de omstannigheden aardich rêstig bliuwt (sil wol mei de sfeer fan it festival te meitsjen ha).

Ik bin hiel benijd hoe't myn dei der moarn út komt te sjen. Dit is myn earste kear Oerol überhaupt, dus lit stean dat ik as meiwurker wit ik hoe't soks der oan ta giet. Spannend dus!
No oan't Oerol! (en de minsken dy't net komme kinne alles moai folgje fia televyzje, ynternet, radio nim it mar op!)

Groetsjes Eva

It is hjir no al in drokte fan jewelste oeral (nee net oeról maar oerál) fietsen, dit wurdt aanst dus nóch in gruttere gekkeboel :P!




(noch hieltiid gjin wurdeboek beetkrije kint, dus nochris: excusé moi! (lêtste kear...))

Oerol by nacht

It strân by Hoorn, om 01.00 am.

kultuer yn alle hoeken en gatten

6 dagen as einredacteur nei Oerol. Lange dagen, let op bêd, drege beslúten, eigensinnige artiesten en redakteuren. In drege klus mar goed, der sil toch ien it dwaan moatte. Ik offerje my graach op....
Want eins is der gjin moaiere klus as it Oerolsjoernaal. In wike lang op in moai eilân mei boeiende minsken. Kultuer yn alle hoeken en gatten. De lêste wiken in protte kontakt hân mei Willemijn Steentjes en Jos Thie. Der is wer fan alles te belibjen en te sjen.
It earste wykein sille we mei Skylger hynstemannen, Rients Terpstra en Kees Cupido nei Théâtre du Centaure. En mei de Heit en Mem fan Willem Wassenaar nei Almost a Bird Theatre.

Mar we binne ek op syk nei leuke persoanlik Oerol ferhalen. It leafst sterke ferhalen.
Dus at jim op Oerol binne en jim ha in leuk ferhaal lit it ús witte.

It eilanner waar

Der is waar, en der is Oerol Waar. De kommende wiken sil dizze man, Jan D. Pals fan Hoorn, alle dagen om 13.30 in eilanner waarberjocht fersoargje. Pals is de man dy't alles wit fan it waar op Skylge. Jierrenlang hat hy him der yn ferdjippe. Hy wit alles fan 'Cumulus, Stratus en Stratocumulus' en wat dat betsjut foar Skylge. Harkje!

dinsdag 12 juni 2007

Earste kear Oerol

Oan it sfearplaatsje sil it net lizze: fanôf freed bestiet myn dekôr út strân, see, ûndergeande sinne en it lûd fan seefûgels op 'e eftergrûn. Tûzenden minsken binne my foargien en wiene lyrysk: "Prachtich moai, as bist hielendal fan de gewoane wrâld". Dochs ha ik in bytsje de senuwen. Wat moat mei, wer sil ik ferslach fan dwaan en hoe fyn ik myn wei op dat eilân? Fansels ha ik al efkes 'Oerol voor beginners' trochploegd, mar dochs: sa'n earste kear bliuwt spannend. Dêrom...

Tiid foar tips! Es efkes sjen wat de deskundigen op ynternet sizze oer 'de earste kear'. Ah, Singlesite biedt útkomst. In pear tips dy't sy jouwe:

Ga in elk geval van huis met een positieve instelling en een goed humeur
Dat slagget seker. Wurkje foar de radio is al fantastysk leuk, mar om dat te dwaan op in eilân mei teater en muzyk en in fleuriche fakânsjesfear is hielendal moai.

Presenteer je zelf verzorgd, maar wel zoals je bent
No hoech ik net te presintearen, mar ik ha al leuke shirts sjoen fan Oerol. Gjin probleem!

Date kort maar krachtig
Foar my mocht de date mei Oerol oars de hiele moanne juny wol duorje. Se sille de nachten wol bedoele, dat we net oant moarns fjouwer oere noch by in kampfjoerke steane te dûnsjen.

Zweetvoeten, slechte adem en rouwrandjes onder de nagels zijn afknappers
Dat sis ik, net te lang neisitte. De skjinne sokken ha ik al ynpakt. Tsja, mei al dat sân fan it Griene Strân en dy dúnen dêr't je by op klimme moatte om by in moaie lokaasjefoarstelling te kommen sille smoarrige neilen grif wolris foarkomme. Gelokkich ha we dêr de hotelkeamer mei douche wer foar.

Ok, je bent zover, inmiddels lichtelijk zenuwachtig
Dat kinst wol sizze ja. Wie de boat no al fol? Ha we genôch accu's foar de stjoerders dêr't we ferslach mei dogge? Wêr kinne we ús mediatent fine?

Lekker een aperitiefje om de ergste spanning wat af te zwakken, geen probleem
No, wy begjinne de redaksjefergaderingen meastentiids mei kofje. Dat liket my better.

Dat je niet de hele tijd over jezelf moet gaan zitten praten wist je al lang
Yndie, it giet om de festivalgongers, teatermakkers en Oerol-wurkers. It tema 'Sterke ferhalen' lient him goed foar moaie reportaazjes en live ferslach. Wy wolle witte wat minsken dwaande hâldt, of't se it nei it sin ha en hokker foarstellings at yndruk op harren makke ha.

Praat in de eerste instantie over 'veilige' onderwerpen
Neat dêrfan! We wolle alles witte. Oerol Leafde, Sterke ferhalen en ôfskiedtriennen op de boat: jo sille alles hearre.

Ook al heb je het reuze naar je zin gehad, dring jezelf niet op door direct aan te sturen op een nieuwe afspraak
Dat wit ik noch net. At ik alle moaie Oerol-ferhalen sa hear sil ik it tige nei it sin ha en grif alwer langje nei takom jier. Ik ha d'r sin oan, myn earste kear Oerol!

Op Skylge...

Tiisdei te jûn, 19.50; op 'e boat nei Skylge...

Nei sa'n lytse twa oeren farren wie de brandaris wer yn byld.

Mei it lêtste bytsje sinne knoffele ik mei fyts en bagage (té folle tassen fansels) fan de boat.

Ik sil de komende tiid yn in apartemintsje yn Kinnum ferbliuwe. Al betwyfelje ik of't ik der in soad wêze sil.

Hjoed kinne we oan de slach mei de foarbereidings fan Oerol. Oer in pear dagen sil "hel" (tusken grutte oanhellingtekens) hjir losbrekke, dat der is genôch te dwaan. Oan it wurk dus!

Groetnis Eva
(ps: Spitich genôch ha ik hjir noch net in Frysk wurdeboek beetkrije kint , dus as myn Frysk net hielendal goed is, excuses).

maandag 11 juni 2007

Efkes Weromsjen

De nije TV wein (derefter de âlde radiowein)

Yn 2003 wie Oerol de earste klus mei de nije TV wein, de soldearbout wie mei om de lêste kabels te meitsjen. It wie ek de earste kear fan alle dagen in Oerolsjoernaal montearre op it eilân en dan oerstrale nei Ljouwert. Tige spannend of alles sa rinne soe lykas we fantefoaren betocht hiene. Op de foto's kinne jimme sjen dat it ridlik ûntspannen om en ta gie, dat sadwaande binne we no alle kearen Live fan Westerkeyn ôf. Dit jier mei wer ekstra mooglikheden, we sille fan moandei o/m tongersdei it radio programma mei deryn in musykoptreden Live yn byld sjen litte fia Omrop Fryslân (likernoch 16.00 oant 17.00 oere)


Kameraman Harry Dijkstra en ik foar ús redaksjekantoar

Ek sille mear mei Ynternet dwaan, lykas ekstra fideobylden fan foarstellingen (dy't net yn de sjoernaals passe) sjen litte. Ek sille we op Westerkeyn yn it Mediacafé de Omrop Fryslân sjoernaals sjen litte op in grut byldskerm (en miskien ek noch materiaal fan oare Oerols).

Dit kear sil ek de nije radiowein mei de nije "outfit" fan Omrop Fryslân der wêze, wolle jimme ris wat moais sjen, lit it mij witte, dan kinne we efkes binnensjen.



Kameraman Erik Krüger



Of alles slachje sil bliuwt in fraach en dat is ek de sjarme fan Oerol, op lokaasje moat der noch fan alles útfûn wurde, mar de Sterke Ferhalen binne der al.


Oant sjen op Westerkeyn,


Frans




Produksjeperikelen

Fan 'e middei mei in tal oare Oerol-gongers-kollega's om 'e tafel sitten om de produksje-kant fan Oerol troch te nimmen. Der binne noch in hiel soad losse eintsjes, mar it measte is no wol regele. En as dat net sa is, dan binne we mei elkoar kreatyf genôch om dat op te lossen. Mei-elkoar komme we der altyd út. Ferline jier wie myn earste kear foar de Omrop nei Oerol en dat hat doe poerbêste foldien. Want earlik is earlik, it is foar it wurk en dat is it fansels op it earste plak ek, mar it is tagelyk ek hartstikke leuk om der by te wêzen. Kollega Engelien start freed de saak op it eilân op en ik kom har op woansdei ôflossen. Ik ha der in hiel soad sin oan, hoopje dat it waar goed bliuwt en dat we mei-elkoar wer moaie dingen foar radio, tv en ynternet meitsje kinne.
Jim hearre/sjogge/lêze der mear oer op ús omropsite of de site fan Oerol.

Noch fjouwer nachten sliepe...

...en dan sjoch ik Harns wer efter de horizon ferdwinen. Dan bin ik underweis nei Skylge om dêr ferslach te dwaan fan it Oerol festival. Oant takom wike tongersdei strún ik om op it eilan. Op syk nei moaie ferhalen en fansels nijs.

Efkes foarstelle, de "Omroppers"....





















































































vrijdag 8 juni 2007

Mear muzyk

Yntusken is bekind wurden dat ek de bands 'Moss' op tongersdei, en 'Storybox' op freed acte de présence jaan sille yn ús radioprogramma. Hooplik slagget it om ek foar de moandei en de tiisdei in artyst te finen dy't by ús live wat spylje wol...

Moss makket moaie, dreamerige, rafelige en werkenbere popsongs. Ien fan de bandleden fan Moss spile earder yn de bekinde gitaarpopband Caesar.
Storybox is in Nederlânse americana band, en makket ferskes mei in ferhaal. Lietsjes as lânskippen.

Echt de muoite wurdich, tocht ik sa. Wolst dit meimeitsje, kom dan op tongersdei of freed nei it Mediakaffee op it Westerkeynterrein yn Midslân. Of harkje nei de radio, fansels!