maandag 11 juni 2007

Efkes Weromsjen

De nije TV wein (derefter de âlde radiowein)

Yn 2003 wie Oerol de earste klus mei de nije TV wein, de soldearbout wie mei om de lêste kabels te meitsjen. It wie ek de earste kear fan alle dagen in Oerolsjoernaal montearre op it eilân en dan oerstrale nei Ljouwert. Tige spannend of alles sa rinne soe lykas we fantefoaren betocht hiene. Op de foto's kinne jimme sjen dat it ridlik ûntspannen om en ta gie, dat sadwaande binne we no alle kearen Live fan Westerkeyn ôf. Dit jier mei wer ekstra mooglikheden, we sille fan moandei o/m tongersdei it radio programma mei deryn in musykoptreden Live yn byld sjen litte fia Omrop Fryslân (likernoch 16.00 oant 17.00 oere)


Kameraman Harry Dijkstra en ik foar ús redaksjekantoar

Ek sille mear mei Ynternet dwaan, lykas ekstra fideobylden fan foarstellingen (dy't net yn de sjoernaals passe) sjen litte. Ek sille we op Westerkeyn yn it Mediacafé de Omrop Fryslân sjoernaals sjen litte op in grut byldskerm (en miskien ek noch materiaal fan oare Oerols).

Dit kear sil ek de nije radiowein mei de nije "outfit" fan Omrop Fryslân der wêze, wolle jimme ris wat moais sjen, lit it mij witte, dan kinne we efkes binnensjen.



Kameraman Erik Krüger



Of alles slachje sil bliuwt in fraach en dat is ek de sjarme fan Oerol, op lokaasje moat der noch fan alles útfûn wurde, mar de Sterke Ferhalen binne der al.


Oant sjen op Westerkeyn,


Frans




Produksjeperikelen

Fan 'e middei mei in tal oare Oerol-gongers-kollega's om 'e tafel sitten om de produksje-kant fan Oerol troch te nimmen. Der binne noch in hiel soad losse eintsjes, mar it measte is no wol regele. En as dat net sa is, dan binne we mei elkoar kreatyf genôch om dat op te lossen. Mei-elkoar komme we der altyd út. Ferline jier wie myn earste kear foar de Omrop nei Oerol en dat hat doe poerbêste foldien. Want earlik is earlik, it is foar it wurk en dat is it fansels op it earste plak ek, mar it is tagelyk ek hartstikke leuk om der by te wêzen. Kollega Engelien start freed de saak op it eilân op en ik kom har op woansdei ôflossen. Ik ha der in hiel soad sin oan, hoopje dat it waar goed bliuwt en dat we mei-elkoar wer moaie dingen foar radio, tv en ynternet meitsje kinne.
Jim hearre/sjogge/lêze der mear oer op ús omropsite of de site fan Oerol.

Noch fjouwer nachten sliepe...

...en dan sjoch ik Harns wer efter de horizon ferdwinen. Dan bin ik underweis nei Skylge om dêr ferslach te dwaan fan it Oerol festival. Oant takom wike tongersdei strún ik om op it eilan. Op syk nei moaie ferhalen en fansels nijs.

Efkes foarstelle, de "Omroppers"....





















































































vrijdag 8 juni 2007

Mear muzyk

Yntusken is bekind wurden dat ek de bands 'Moss' op tongersdei, en 'Storybox' op freed acte de présence jaan sille yn ús radioprogramma. Hooplik slagget it om ek foar de moandei en de tiisdei in artyst te finen dy't by ús live wat spylje wol...

Moss makket moaie, dreamerige, rafelige en werkenbere popsongs. Ien fan de bandleden fan Moss spile earder yn de bekinde gitaarpopband Caesar.
Storybox is in Nederlânse americana band, en makket ferskes mei in ferhaal. Lietsjes as lânskippen.

Echt de muoite wurdich, tocht ik sa. Wolst dit meimeitsje, kom dan op tongersdei of freed nei it Mediakaffee op it Westerkeynterrein yn Midslân. Of harkje nei de radio, fansels!

donderdag 7 juni 2007

Room Eleven treedt op!

Op woansdei 20 juny sil de Nederlânse band 'Room Eleven' de útstjoering fan Omrop Fryslân Radio opfleure mei live muzyk. Fan 16.00 oant 17.00 oere binne se te gast yn it Mediakaffee op it Westerkeynterrein, en sille se in stik as trije nûmers hearre litte.

De fiifmansformaasje Room Eleven neamt harsels in jazzbossafolksoul-combo. Op it Oerol-festival binne se prominent oanwêzich, en dêrom meie se fansels ek net ûntbrekke op 'e radio!

Mis it net!

woensdag 6 juni 2007

Noch 9 dagen....

Oerol is foar in soad minsken op it eilân en fan bûten ien fan de hichtepunten fan it jier. Dit Oerolblog giet net allinnich oer jongfee dat los rint, mar ek oer losrinnende eilanners en omroppers. Yn dit weblog kinne je de kommende wiken lêze wat der dan allegearre barre kin....

It is dêrby benammen de bedoeling dat de lêzer net allinnich lêst wat wy meimeitsje, mar ek fleurich meipraat, krityk uteret en sterke ferhalen fertelt. Wy binne hiel benijd hoe't dit gean sil de kommende wiken.

tarieding

Drok dwaande mei redaksjonele en produksjonele tariedings.
Alle akkreditaasjes binne regele en we binne no oan it besjen wat we de earste dragen draaien sille. Freedtemoarns om 5 oere !!! giet de earste ploech al nei it eilân

donderdag 24 mei 2007

Mei de boat nei Skylge

Fan 'e middei sille we mei Jos Thie oerlizze oer wat Oerol ynhâldlik allegear te bieden hat.
Dus mei de boat nei Skylge mei trije redaksjeminsken...

woensdag 23 mei 2007

Omrop Fryslân op Oerol

De kommende tiid sil de redaksje alle dagen "blogge" fan Oerol ôf. Ferskate meiwurkers fan Omrop Fryslân sille hjir harren ferhaal dwaan.














(Ofrûne jier wie Omrop Fryslân der ek by...)